Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018)[1] wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Dêrfoar waard oan Bruinsma twaris de dr. Obe Postmapriis takend en teffens waard er eare mei in Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wied er ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje.
|
Klaas Bruinsma |
skriuwer |
wurk |
taal | Frysk |
sjenre | poëzij, non-fiksje |
perioade | 2e helte 20e iuw |
bekendste wurk(en) | De Opstalbeam Us Grutte Foarsjonger Gysbert Japix |
jierren aktyf | 1949 – no |
offisjele webside |
gjint |
|