Irma (orkaan)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Irma wie in ekstreem krêftige en ferneatigjende orkaan dy't oan 'e ein fan 'e simmer fan 2017 it Karibysk Gebiet teheistere. It wie de njoggende stoarm mei in namme, de fjirde orkaan en de twadde swiere orkaan fan dat jier. Irma rjochte suver folsleine skea oan op ferskate Karibyske eilannen, wêrûnder it Nederlânsk-Frânske Sint-Marten, wylst oanbuorjende eilannen, Kuba en dielen fan Floarida swiere skea oprûnen. Yn totaal foelen der 102 deaden, wylst de skea mear as $63 miljard bedroech.
Fluch de feiten
Irma | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | natoerramp | |
subtype | orkaan | |
datum | 30 aug. – 15 sept. 2017 | |
lân | ferskaat (sjoch tekst) | |
plak | Karibysk Gebiet | |
statistiken | ||
deaden | 102 (teld op 21 sept. 2017) | |
ferwûnen | hûnderten | |
skea | > $ 63 miljard |
Slute