Johannes Jelgerhuis
From Wikipedia, the free encyclopedia
Johannes Jelgerhuis (Ljouwert, 24 septimber 1770 - Amsterdam, 6 oktober 1836) wie in Nederlânsk keunstskilder, yllustrator en akteur. Hy krige ûnderwiis fan syn heit, Rienk Jelgerhuis (1729-1806), en fan de behang- en lânskipsskilder Pieter Pietersz. Barbiers II. Hy reizge mei syn heit de Republyk troch en makke wilens yllustraasjes foar almanakken, politike tekeningen en grafysk wurk oer it doetiidske barren.
Fan 1805 ôf hie er fêst wurk by de Amsterdamske Stedsskouboarch, dêr't er bekend waard as akteur yn treurspullen.
Yn 1806 sette er him ta wenjen yn Amsterdam.[1]