Karel en Elegast
From Wikipedia, the free encyclopedia
Karel en Elegast, yn it oarspronklike Nederlânsk Karel ende Elegast, is in Midsiuwsk Nederlânsktalich epysk gedicht fan 1414 dichtregels yn 'e foarm fan in ridderroman. It is nei alle gedachten oan 'e ein fan 'e tolfde iuw skreaun, of oars yn 'e trettjinde iuw, troch in ûnbekende auteur. De haadrol is weilein foar Karel de Grutte, dy't as ljochtsjend foarbyld fan in kristlike kening presintearre wurdt, en it ferhaal spilet yn 'e omkriten fan dy syn kastiel te Ingelheim. It is ien fan 'e wichtichste Midnederlânske teksten dy't bewarre bleaun binne. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 1994.
Fluch de feiten
Karel en Elegast | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Karel ende Elegast | |
auteur | anonimus | |
taal | Midnederlânsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | ridderroman, epos | |
skreaun | ein 12e iuw | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Karel en Elegast | |
publikaasje | 1994, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Frysk en Frij | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 9 07 35 54 136 |
Slute