Lânwurk
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lânwurk, yn it oarspronklike Latyn: Georgica ("Oangeande Buorkjen"), is in ferheljend gedicht yn fjouwer boeken fan 'e hân fan 'e Romeinske dichter Fergilius, dat nei gedachten yn it jier 29 f.Kr. publisearre waard. Sa't de namme al oanjout, hat it de lânbou ta ûnderwerp; lykwols binne der net in protte oerienkomsten mei de lettere pastorale poëzij. De Georgica, dy't 2188 heksametryske fersregels omfettet, stipet sawol op withoefolle eardere boarnen as dat it withoefolle lettere skriuwers beynfloede hat. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2002.
Fluch de feiten
Lânwurk | ||
De Fryske oersetting, yn 2002 útjûn troch Steven Sterk, Utjouwer (no Utjouwerij Bornmeer). | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Georgica | |
auteur | Fergilius | |
taal | Latyn | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
1e opfiering | 29 f.Kr., Rome | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Lânwurk | |
publikaasje | 2002, Utert | |
útjouwer | Steven Sterk, Utjouwer | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
prizen oers. | dr. Obe Postmapriis 2005 | |
ISBN oers. | 9 07 37 89 044 |
Slute