Mâl Hynder
From Wikipedia, the free encyclopedia
Mâl Hynder (Lakota: Tȟašúŋke Witkó, útspr.: [tˣa'ʃũ:ke wit'ko:] (eins "Syn-Hynder-Is-Mâl-Wurden" of "Syn-Hynder-Is-in-Mâlenien); Ingelske oersetting: Crazy Horse; oan 'e rivier de Cheyenne (Súd-Dakota), ±1840 – Fort Robinson (Nebraska), 5 septimber 1877) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy stie bekend as in grut kriger en oarlochslieder, en as in fûleindich fijân fan 'e Amerikanen, fanwegen de oanhâldende kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de blanken. It meast ferneamd is er wurden troch syn militêre lieding oer de Yndiaanske koälysje dy't yn 1876 yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske Leger in ferpletterjende nederlaach tabrocht. Syn dapperens yn 'e striid en syn persoanlike eare makken dat er sels by syn fijannen yn oansjen stie. Hy waard fjouwer moanne nei syn oerjefte ûnder ûnopheldere omstannichheden deadien.
Mâl Hynder | ||
In skets út 1934 fan Mâl Hynder, dy't makke waard troch in mormoanske sindeling nei in petear mei Mâl Hynder syn suster. Hja sei dat it in goede likenis wie. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tȟašúŋke Witkó | |
oare namme | Crazy Horse | |
berne | ±1840 | |
berteplak | oan 'e Cheyenne (Súd-Dakota) | |
stoarn | 5 septimber 1877 | |
stjerplak | Fort Robinson (Nebraska) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Oglala | |
jierren aktyf | 1865 – 1877 |