Medéa (toanielstik)
toanielstik / From Wikipedia, the free encyclopedia
Medéa of Medeia, yn it oarspronklike Aldgryksk: Μήδεια, Mēdeia, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Euripides (±480-±406 f.Kr.),dy't him derfoar basearre op 'e myte oer Jason en Medéa. It stik giet oer de wraak fan in frou dy't troch har man ferret wurdt, en waard foar it earst opfierd as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus, yn 431 f.Kr. Hoewol't it publyk yn Euripides syn tiid it net bysûnder wurdearje koe (it kaam net fierder as in trêde en lêste plak), hat it yn lettere tiden de lju bot yn 'e besnijing krigen nei't it werûntdutsen wie yn it Rome fan 'e earste iuw, it renêssansistyske Jeropa fan 'e sechstjinde iuw en troch literêre kritisy yn 'e tweintichste iuw. Tsjintwurdich wurdt Medéa gauris beskôge as in proto-feministysk toanielstik, hoewol't it mar de fraach is oft Euripides it sa bedoeld hat. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.
Medéa | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Μήδεια | |
auteur | Euripides | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 431 f.Kr. | |
1e opfiering | 431 f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Medéa | |
publikaasje | (net útjûn) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |