Nasjonaalsosjalisme
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Nasjonaalsosjalisme is in oan it faksisme besibbe politike streaming, dêr't de ideology fan om 1918 yn de Weimarrepublyk (Dútslân) ûntstie. Ornaris ferwiist it wurd nei de ideology fan de Dútske diktatuer fan 1933 oant en mei 1945 (it Tredde Ryk). Sûnt 1945 is it yn Dútslân en oare lannen ferbean, mar der binne noch altyd lytse radikale groepen dy't dizze ideology oanhingje (neonazi's).
Fluch de feiten Politike ideology Side út de rige polityk ...
Slute
De ideology fan it nasjonaalsosjalisme is radikaal antysemitysk, antykommunistysk en antydemokratysk. It hat mear rasistyske eleminten wêrby't it eigen ras superieur is oan oaren.