New Haven (Konettikut)
From Wikipedia, the free encyclopedia
New Haven is de op ien nei grutste stêd yn 'e noardeastlike Amerikaanske steat Konettikut (nei Bridgeport), en de op fiif nei grutste fan Nij-Ingelân. It leit oan 'e súdkust fan Konettikut, oan 'e Long Island Sound, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It wie teffens it haadplak fan New Haven County, oant de countys yn Konettikut yn 1960 opheft waarden as bestjoerslaach. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie New Haven doe goed 130.000 ynwenners, en as alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite meirekkene wurde, komt it as stêdekloft sels op in befolking fan goed 860.000 minsken út. New Haven is fierwei it bekendst wurden trochdat de Universiteit fan Yale, ien fan 'e beide grutste en meast prestizjeuze Amerikaanske universiteiten, der fêstige is.
New Haven | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Konettikut | |
Gemeente | New Haven | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 130.741 (2012) | |
Oerflak | 52,1 km² (ynkl. wetter) 48,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.648,6 / km² | |
Stêdekloft | 862.477 (2012) | |
Hichte | 18 m | |
Oar | ||
Stifting | 1638 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 41°18′36″N 72°55′25″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofnewhaven.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan New Haven yn New Haven County en yn 'e steat Konettikut. |