Universiteit fan Yale
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Universiteit fan Yale of Yale-universiteit (Yale University) is in heech oanskreaune partikuliere universiteit yn de Feriene Steaten.
Universiteit fan Yale | ||
Yale Harknesstoer | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | Yale University | |
Biedwurd | אורים ותמים (Urim V'Tumim) (Orakel) Lux et veritas (Ljocht en wierheid) | |
Lokaasje | ||
Lân | Feriene Steaten fan Amearika | |
Plak | New Haven, Konettikut | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Privaatûnderwiis | |
Oprjochting | 1701 | |
Rektor | Peter Salovey | |
Tal studinten | 11593 (2012) | |
Tal meiwurkers | 3619 | |
Netwurken | lid fan Ivy League | |
Offisjele webside | ||
www.yale.edu |
De Yale-universiteit waard 1701 stichte as 'Collegiate School', yn Killingworth (Konettikut). De oprjochter wie Abraham Pierson, teffens de earste rektor. Yn 1716 waard de skoalle ferpleatst nei New Haven (Konettikut) en fanwege de royale stipe fan Elihu Yale, krige de skoalle de namme Yale College yn 1718.
De skoalle waard yn de rin fan de tiid grutter en mear en mear stúdzjes koene dêr folge wurde. 1887 waard de namme Yale College feroare yn Yale University en it ynstitút bleau nije akademyske opliedings taheakjen yn de rin fan de tiid. Op it heden hat Yale in College, in Graduate School of Arts and Sciences en tsien saneamde Professional Schools. De universiteit hat goed 11.000 studinten.
De Yale Law School is de heechst wurdearre wetskoalle yn de Feriene Steaten.
Yale is ien fan de acht universiteiten fan de ferneamde Ivy League, dêr't ek de Harvard ta heart.
- Sterling Memorial Library
- Peabody Museum
- Starr Reading Room yn de Sterling Memorial Library