Police Academy (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Police Academy is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1984 ûnder rezjy fan Hugh Wilson, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenberg, George Gaynes en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle". It ferhaal giet oer in plysjeskoalle yn in fierders net by namme neamde Amerikaanske stêd, dêr't omreden fan in tekoart oan mankrêft by it pleatslike plysjekorps in nij belied ynfierd wurdt: eltsenien mei de oplieding folgje om plysje te wurden. Dat liedt ta in nije lichting rekruten dêr't frijwat eksintrike figueren tusken sitte. Police Academy krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Op basis dêrfan ûntstie neitiid de mediafranchise Police Academy. It direkte ferfolch op 'e earste film wie Police Academy 2: Their First Assignment, út 1985.
Police Academy | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Hugh Wilson | |
produsint | Paul Maslansky | |
senario | Neal Israel Pat Proft Hugh Wilson | |
kamerarezjy | Michael D. Margulies | |
muzyk | Robert Folk | |
filmstudio | The Ladd Company | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Steve Guttenberg George Gaynes G.W. Bailey | |
byrollen | Kim Cattrall Bubba Smith Michael Winslow Leslie Easterbrook Brant Von Hoffman Scott Thomson David Graf Marion Ramsey Donovan Scott Andrew Rubin Bruce Mahler | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 23 maart 1984 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 96 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $4,5 miljoen | |
opbringst | $149,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Police Academy | |
● folgjend diel | Police Academy 2: Their First Assignment |