Police Academy 2: Their First Assignment
From Wikipedia, the free encyclopedia
Police Academy 2: Their First Assignment is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1985 ûnder rezjy fan Jerry Paris, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenburg, Art Metrano en Howard Hesseman. De titel betsjut "Plysjeskoalle 2: Harren Earste Opdracht". De film is it twadde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy, út 1984. It ferhaal giet oer in groep eksintrike plysjes dy't krekt fan 'e plysjeskoalle komme as se yn 'e minste buert fan 'e stêd oan it wurk set wurde. Police Academy 2: Their First Assignment is it iennichste diel fan 'e Police Academy-rige wêryn't Leslie Easterbrook (yn 'e rol fan 'e boarstige brigadier Debbie Callahan) ûntbrekt. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 3: Back in Training, kaam út yn 1986.
Police Academy 2: Their First Assignment | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jerry Paris | |
produsint | Paul Maslansky Leonard Croll | |
senario | Barry W. Blaustein David Sheffield | |
kamerarezjy | James Crabe | |
muzyk | Robert Folk | |
filmstudio | The Ladd Company | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Steve Guttenberg Art Metrano Howard Hesseman | |
byrollen | Peter Van Norden David Graf Bubba Smith Michael Winslow Marion Ramsey Bruce Mahler Colleen Camp George Gaynes | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 maart 1985 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 87 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $7,5 miljoen | |
opbringst | $115,0 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Police Academy | |
● foarich diel | Police Academy | |
● folgjend diel | Police Academy 3: Back in Training |