Police Academy 3: Back in Training
From Wikipedia, the free encyclopedia
Police Academy 3: Back in Training is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1986 ûnder rezjy fan Jerry Paris, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenberg en Art Metrano. De titel betsjut "Plysjeskoalle 3: Wer op Training". De film is it trêde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 2: Their First Assignment, út 1985. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes as ien fan 'e beide plysjeskoallen yn 'e steat ticht moat en sy harren âlde skoalle sjen moatte te rêden. Police Academy 3: Back in Training krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 4: Citizens on Patrol, kaam út yn 1987.
Fluch de feiten
Police Academy 3: Back in Training | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jerry Paris | |
produsint | Paul Maslansky Donald West | |
senario | Gene Quintano | |
kamerarezjy | Robert Saad | |
muzyk | Robert Folk | |
filmstudio | Warner Bros. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Steve Guttenberg Art Metrano | |
byrollen | Bubba Smith George Gaynes Leslie Easterbrook David Graf Michael Winslow Marion Ramsey Shawn Weatherly Lance Kinsey Tim Kazurinsky Bobcat Goldthwait | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 21 maart 1986 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 83 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $12 miljoen | |
opbringst | $107,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Police Academy | |
● foarich diel | Police Academy 2: Their First Assignment | |
● folgjend diel | Police Academy 4: Citizens on Patrol |
Slute