Police Academy 4: Citizens on Patrol
From Wikipedia, the free encyclopedia
Police Academy 4: Citizens on Patrol is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1987 ûnder rezjy fan Jim Drake, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenberg en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle 4: Boargers op Patrûlje". De film is it fjirde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 3: Back in Training, út 1986. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes dy't ferbûn binne oan 'e pleatslike plysjeskoalle, as de kommandant fan dat ynstitút in lumineus idee kriget: tenei moatte boargers mei de plysje op patrûlje, sadat twa kear safolle misdiedigers pakt wurde kinne. Police Academy 4: Citizens on Patrol krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 5: Assignment Miami Beach, kaam út yn 1988.
Police Academy 4: Citizens on Patrol | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jim Drake | |
produsint | Paul Maslansky Donald West | |
senario | Gene Quintano | |
kamerarezjy | Robert Saad | |
muzyk | Robert Folk | |
filmstudio | Warner Bros. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Steve Guttenberg G.W. Bailey | |
byrollen | Bobcat Goldthwait Bubba Smith Michael Winslow Tim Kazurinsky Leslie Easterbrook David Graf Lance Kinsey George Gaynes Billie Bird Sharon Stone David Spade | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 3 april 1987 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 88 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $17 miljoen | |
opbringst | $76,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Police Academy | |
● foarich diel | Police Academy 3: Back in Training | |
● folgjend diel | Police Academy 5: Assignment Miami Beach |