Sapfo
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sapfo (yn it Attysk, it Aldgrykske dialekt fan Atene: Σαπφώ, Sappho; yn it Eoalysk, it dialekt fan Lesbos: Ψάπφω, Psappho), ek wol Sapfo fan Lesbos neamd, wie in lyrysk dichteresse út it âlde Grikelân. Hja waard berne op it eilân Lesbos, yn 'e Egeyske See, earne tusken 630 en 612 f.Kr., en neffens de oerlevering soe se stoarn wêze om 570 f.Kr. hinne. Oer har libben kin net folle mei wissichheid sein wurde. Hoewol't har wurk yn 'e Aldheid algemien bekend wie en rûnom bewûndere waard, is hast har hiele oeuvre neitiid troch willensmoedse ferneatiging ferlern gien. Lykwols hawwe har ûnbidige reputaasje en teffens mear as twahûndert fragminten fan har wurk de iuwen trochstien.
Fluch de feiten
Sapfo | ||
skriuwer | ||
In Romeinske kopy fan 'e saneamde Sapfo-herme (Grykske grinsstien) út 'e fyfde iuw f.Kr. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Sapfo fan Lesbos | |
echte namme | Psappho (Ψάπφω) | |
nasjonaliteit | Lesbysk | |
berne | 630-612 f.Kr. | |
berteplak | Mytilene (?) (op Lesbos) | |
stoarn | 570 f.Kr. | |
stjerplak | Lesbos | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk (Eoalysk) | |
sjenre | poëzij | |
perioade | Iere Aldheid | |
bekendste wurk(en) | Fragmint 16 | |
jierren aktyf | 7e iuw f.Kr. | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute