Stamford (Lincolnshire)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Stamford is in plak (town en civil parish) yn it distrikt South Kesteven, yn it Ingelske greefskip Lincolnshire. It leit sa'n 100 km benoarden Londen, oan de eastkant fan de A1 nei York en Edinboarch en oan de rivier de Welland. Neffens de folkstelling fan 2001 wennen dêr 21.800 minsken,[1] mar dêr sitte de ynwenners fan it oanswettende kerspel St Martin's Without by yn.
Fluch de feiten
Stamford | ||
High Street Stamford | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | East Midlands | |
Greefskip | Lincolnshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.525 (2001) | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | BSE (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
Stamford Town Council |
Slute
It stedsje is it meast ferneamd fan syn midsiuwske sintrum mei 17e– en 18e-iuwske stiennen gebouwen, âlde fakwurkhuzen en fiif midsiuwske tsjerken.[2]