Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Episode II – Attack of the Clones is in Amerikaanske science fiction-film út 2002 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it fyfde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode I – The Phantom Menace út 1999. Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Ewan McGregor, Natalie Portman en Hayden Christensen. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering II – Oanfal fan 'e Kloanen".
Star Wars: Episode II Attack of the Clones | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Lucas | |
produsint | Rick McCallum | |
útfierend produsint | George Lucas | |
senario | George Lucas Jonathan Hales | |
kamerarezjy | David Tattersall | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Ewan McGregor Natalie Portman Hayden Christensen | |
byrollen | Christopher Lee Samuel L. Jackson Frank Oz Ian McDiarmid Temuera Morrison Antony Daniels Kenny Baker | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 maaie 2002 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 142 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $115 miljoen | |
opbringst | $653,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● foarich diel | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith |
De film spilet tsien jier nei de foarfallen yn it foargeande diel fan 'e filmsearje. De plot folget de Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn padawan Anakin Skywalker as hja opdracht krije senator Padmé Amidala te beskermjen, op wa't in (mislearre) moardoanslach dien is. Wylst Padmé mei Anakin as liifwacht ûnderdûkt op har thúswrâld Naboo, giet Obi-Wan efter de dieders oan. Hy ûntdekt in ferburgen wrâld, in leger fan kloanen en in gearspanning om 'e Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen. Underwilens reitsje Anakin en Padmé fereale opinoar. Star Wars: Episode II – Attack of the Clones krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. It lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy kaam yn 2005 út ûnder de titel Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith.