Time (tydskrift)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Time (letterlik: "Tiid"), of ek wol Time Magazine, is in Amerikaansk tydskrift dat yn 1923 oprjochte waard. It is yn Noard-Amearika noch altyd in tige foaroansteand en ynfloedryk opinyblêd. De haadredaksje is fêstige yn New York. Oarspronklik wie Time in wykblêd, mar fan 2020 ôf ferskynt it ienris yn 'e fjirtjin dagen. It wurdt publisearre troch útjouwerij Time USA, LLC. Dat bedriuw jout ek in Jeropeeske, in Aziatyske en in Oseänyske edysje út. Time stiet fierders bekend om syn útferkiezing fan in Persoan fan it Jier en de Time 100-ranglisten.
Fluch de feiten
Time | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | opinyblêd | |
frekwinsje | 1 × yn 'e fjirtjin dagen | |
bestean | 1923 – no | |
oprjochter | Briton Hadden en Henry Luce | |
plak haadred. | New York (New York) | |
útjouwer | Time USA, LLC | |
oplaach | 1,6 miljoen (2020) | |
ISSN | 0040-781X | |
offisjele webside | ||
time.com |
Slute