Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam (offisjele, Ingelsktalige namme: International Film Festival Rotterdam), ôfkoarte ta IFFR, is in filmfestival dat elts jier oan 'e ein fan jannewaris yn 'e Nederlânske stêd Rotterdam holden wurdt. It is it grutste, wichtichste en ynfloedrykste filmfestival fan Nederlân. It evenemint waard yn 1972 oprjochte en hat him sûnt dy tiid foar it meastepart wijd oan it presintearjen fan eksperimintele en ûnôfhinklike films en it wurk fan begjinnende filmmakkers. De seleksje dy't yn it ramt fan it festival fertoand wurdt, benammen wat de koarte films oanbelanget, bestiet sadwaande fierhinne út filmhûsfilms. Lykwols wurde elts jier ek inkele A-films dy't troch de filmyndustry yn Hollywood produsearre binne, oan 'e seleksje tafoege. De wichtichste priis dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam útrikte wurdt, is de Tiger Award.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Rotterdam | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Rotterdam (gemeente) | |
plak | Rotterdam (stêd) | |
holden yn | ferskaat, sjoch tekst hjirre | |
tiid fan it jier | ein jannewaris | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | IFFR | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1972 – no | |
oprjochter | Huub Bals | |
offisjele webside | ||
www.iffr.com |