Pat Garrett
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pat Garrett (folút: Patrick Floyd Jarvis Garrett; Cusseta (Alabama), 5 juny 1850 – Las Cruces (Nij-Meksiko), 29 febrewaris 1908) wie in Amerikaansk jager op bizons, cowboy, barkeeper, dûanier en plysjeman fan etnysk Ingelsk komôf. Hy kaam út in rike famylje fan plantaazje-eigners yn it Amerikaanske Suden fan it Antebellum. Garrett is in grutte namme út 'e skiednis fan it Wylde Westen, mar net sasear om himsels, as wol om't er de ferneamde bandyt Billy the Kid deaskeat. Garrett wie sheriff fan Lincoln County en letter fan Doña Ana County, beide yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, en teffens wied er assisint-U.S. marshal, Texas Ranger en kommys. Yn 1908 waard er sels ûnder ûnopheldere omstannichheden deasketten.
Fluch de feiten
Pat Garrett | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Patrick Floyd Jarvis Garrett | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 5 juny 1850 | |
berteplak | Cusseta (Alabama) | |
stoarn | 29 febrewaris 1908 | |
stjerplak | Las Cruces (Nij-Meksiko) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | jager, cowboy, barkeeper, kommys, plysjeman | |
reden bekendheid | skeat Billy the Kid dea |
Slute