Hellboy II: The Golden Army
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hellboy II: The Golden Army is in Amerikaanske superheldefilm en steampunkfilm út 2008 ûnder rezjy fan Guillermo del Toro, mei yn 'e haadrollen Ron Perlman en Selma Blair. De film is in ferfolch op Hellboy út 2004. De titel betsjut "Hellejonge II: It Goudene Leger". It ferhaal folget de superheld Hellboy en syn freonen wannear't se it opnimme moatte tsjin 'e elfske prins Nuada, dy't in oerâld meganysk leger op 'e minskheid loslitte wol. Hellboy II: The Golden Army krige fan 'e filmkritisy oer it algemien postivie resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Lykwols kaam it net ta de produksje fan in plande trêde film om 'e trilogy oer Hellboy te foltôgjen. Ynstee ferskynde yn 2019 in reboot fan 'e filmsearje ûnder de namme Hellboy.
Hellboy II: The Golden Army | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Guillermo del Toro | |
produsint | Lawrence Gordon Mike Richardson Lloyd Levin | |
senario | Guillermo del Toro | |
basearre op | Hellboy fan Mike Mignola | |
kamerarezjy | Guillermo Navarro | |
muzyk | Danny Elfman | |
filmstudio | Relativity Media Gordon/Levin Productions Dark Horse Entertainment | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Ron Perlman Selma Blair | |
byrollen | Doug Jones Anna Walton Luke Goss Jeffrey Tambor Seth MacFarlane | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 11 july 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Aldiersk) | |
spyltiid | 120 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $85 miljoen | |
opbringst | $168,3 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Hellboy | |
● foarich diel | Hellboy | |
● folgjend diel | Hellboy (reboot) |