Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Episode I – The Phantom Menace is in Amerikaanske science fiction-film út 1999 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it fjirde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op 'e trije dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy (1977-1983). Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Ewan McGregor en Natalie Portman. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering I – De Ungrypbere Bedriging".
Star Wars: Episode I The Phantom Menace | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Lucas | |
produsint | Rick McCallum | |
útfierend produsint | George Lucas | |
senario | George Lucas | |
kamerarezjy | David Tattersall | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Liam Neeson Ewan McGregor Natalie Portman | |
byrollen | Jake Lloyd Ian McDiarmid Ahmed Best Frank Oz Samuel L. Jackson Ray Park Silas Carson Kenny Baker | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 maaie 1999 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 133 minuten (op dvd 136 min.) | |
budget en resultaten | ||
budget | $115 miljoen | |
opbringst | $1.027,1 miljoen | |
prizen | 2 × Saturn Award 1 × Young Artist Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● foarich diel | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones |
De film spilet 32 jier foàr de foarfallen yn 'e earste Star Wars-film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De plot folget de Jedi-master Qui-Gon Jinn en syn padawan Obi-Wan Kenobi as hja troch kânselier Finis Valorum nei de planeet Naboo stjoerd wurde om in konflikt mei de machtige en korrupte Hannelsfederaasje út te praten. Wat se net witte, is dat de krisis mei opsetsin beävensearre is troch de boasaardige Darth Sidious, yn waans opdracht de lieders fan 'e Hannelsfederaasje hannelje. Ynstee fan in diplomatike oplossing te finen, binne se twongen om mei Padmé Amidala, de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo, de wyk te nimmen nei Coruscant, dêr't de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. By in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine komme se yn 'e kunde mei Anakin Skywalker, in njoggenjierrige slavejonge dy't ûnnatuerlike sterk yn de Krêft is, en krije se teffens te stellen mei de mysterieuze weromkear fan 'e âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, de Sith.
Star Wars: Episode I – The Phantom Menace krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 1999 en de op ien nei meast opbringende film aller tiden. Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard nominearre foar trije Oscars, twa BAFTA's en in Grammy en wûn twa Saturn Awards. In folgjend diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy kaam yn 2002 út ûnder de titel Star Wars: Episode II – Attack of the Clones.